Feiligensmaatregels by túnker

17 jan 2004 - 00:00

Túnker Drijfhout yn Mullum nimt ekstra feiligensmaatregels om foar te kommen dat der wer brân útbrekt by it bedriuw. Mei de jierwiksel fleach ien grutte kas yn 'e brân troch in ljochtkûgel. Dêrby gongen 350.000 orchideeën ferlern.

De skea wurdt rûsd op 1 miljoen euro. Der wie safolle skea om't der isolaasjedoeken hongen, dy't hiel bêst baarne wolle. Derfoar yn plak komt no brânfertraagjend doek. Fierder komme de planten net mear yn tempeks te stean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)