Bustocht CDA nei Den Haach

© Omrop Fryslân
It CDA stiet de lêste tiid ûnder druk. Benammen út Fryslân, want foarsitter Van der Ham fan de Fryske steatefraksje kaam in pear wike lyn mei in opmerklik foarstel: it oprjochtsjen fan in meldpunt foar de gefolgen fan it belied fan it kabinet Balkenende.
It brocht CDA-2e keamerlid Joop Atsma op it idee om sneon in bus fol Friezen mei te nimmen nei it nijjiersslokje fan de partij yn Den Haach. Dêr kin dan praat wurde mei de premier en ministers.