Frysk Popnet oprjochte

© Omrop Fryslân
De poppoadia yn Snits, Drachten, It Hearrenfean en Ljouwert geane in gearwurkingsferbân oan mei de twa pop-opliedingen yn Fryslân. De organisaasjes ha dêrfoar op inisjatyf fan Fryslân Pop it Frysk Popnet opset.
Studinten fan de Popakademy yn Ljouwert en de MBO-oplieding Pop en Media op It Hearrenfean krije troch de gearwurking mear mooglikheden om op te treden. Ek wurdt besocht om mear artysten en publyk nei de poadia te lûken.