Soad blessueres by Cambuur

17 jan 2004 - 00:00

In protte spilers fan fuotbalklub Cambuur Ljouwert kampe op it stuit mei blessueres. De klub is op treningskamp op de Nederlânske Antillen. It fjild dêr't se op trene, in hockeyfjild fan keunstgers, is sa min dat in soad spilers blierren ha of siik binne.

Neffens trener Dick de Boer is hy de iennichste dy't noch echt fit is. Freed ferlear Cambuur noch in oefenwedstriid tsjin de Nederlânske Antillen mei 1-2. Cambuur komt tiisdei werom nei Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)