Mystearje nuver bist oplost

16 jan 2004 - 00:00

It mystearje fan it frjemde bist yn 'e Kollummerfeart is oplost. Eibert Hiemstra seach it opfallende wite bist swimmen en sette it op 'e fideo. Mar nimmen dy't wist wat it wie.

No docht bliken dat it giet om in nerts, in albino nerts om krekt te wêzen. Muskusrattefanger Haize Bosma hat it bist ûntdekt, yn ien fan syn fallen. It bist wie al dea en leit foarearst noch by Bosma yn de friezer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)