Grêfskeinders oanholden

16 jan 2004 - 00:00

Op it Noorderbegraafplak yn Ljouwert binne freed twa manlju oanhâlden. Sy ha de lêste wiken in tal kearen koperen stekken fan grêven stellen. It giet om twa Ljouwerters, fan 45 en 42 jier.

Freedtemoarn waarden de twa op de die betrape. Op twa plakken op it begraafplak leine al koperen buizen om meinommen te wurden. De skea fan de dieverij rint yn de tsientûzenen euros. Fan de opbringst fan it stellen guod kochten de manlju drank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)