Ien minút stilte op skoallen

16 jan 2004 - 00:00

Tsientallen skoallen yn Fryslân ha freed ien minút stilte holden. Dat wie yn ferbân mei de moard op in learaar yn Den Haach. De betinking hearde by in lanlik protest tsjin it geweld op skoallen.

Om alve oere freed wie op it Terra College yn Den Haach in betinking foar de fermoarde dosint. Op in soad Fryske skoallen waarden foar en nei de minút stilte de lesboekjes oan de kant skood om wer te praten oer de gebeurtenissen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)