Tydlik mear lûd fleanbasis

© Omrop Fryslân
Omwenners fan de fleanbasis Ljouwert moatte fan moandei ôf rekken halde mei ekstra lûdsoerlêst. Der wurdt dan trije wike lang gebrûkmakke fan de koarte start- en landingsbaan. Op de koarte baan brûke fleantugen de neiferbranner. Dy makket in soad ekstra leven.
De fleantugem moatte de koarte baan op fanwege wurksemheden oan it landingssysteem op de haadbaan. Yn de jûntiid kin der wol op de haadbaan starten wurde.