'Dokkum hat coffeeshop nedich'

16 jan 2004 - 00:00

Yn Dokkum moat in coffeeshop komme dy't softdrugs ferkeapet ûnder tafersjoch. Sa kin it hard-drugsprobleem bestriden wurde. Dat wol Frederik Zuidema fan Holwert. Hy pleite hjir tongersdei foar yn de gemeenteried fan Dongeradiel. Zuidema fangt no faak blowende jeugd op yn syn hûs.

Yn Dongeradiel is it ferbean softdrugs te ferkeapjen. Neffens Zuidema soarget dat ferbod foar in protte problemen en geane jongeren earder oer op harddrugs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)