Krante fan Opsterlands Belang

16 jan 2004 - 00:00

Opsterlands Belang komt mei in eigen krante. De politike partij kin sa de kiezers fertelle wat se de lêste twa jier dien ha. Nei de ferkiezingen (2002) fan de gemeenteried is Opsterlands Belang de grutste partij yn de ried.

De partij wol ek fertelle wat noch op priemmen stiet. De krante ferskynt nije wike hûs-oan-hûs yn Opsterlân, yn in oplage fan 13.000 stiks. De partij betellet de krante sels.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)