Van Maaren net mear lid fan PvdA

© Omrop Fryslân
Ald-boargemaster Loekie van Maaren fan Ljouwert is net mear lid fan de PvdA. Dat skriuwt it opinyblêd Vrij Nederland. Se hat har lidmaatskip opsein om't se lilk wêze soe om't partijfoarsitter Ruud Koole gjin ûndersyk dwaan wol nei 'de rûge omgongsfoarmen binnen de PvdA yn Ljouwert'.
Koole lit witte dat er in briefke stjoere sil nei Van Maaren. Hy tinkt net dat se op har beslút weromkomt.