Kollumer bliuwt langer fêst

© Omrop Fryslân
De Kollumer dy't fertocht wurdt fan it organisearjen fan porno-reizen, bliuwt oant heal febrewaris fêstsitten. Dat hat de rjochtbank fan Arnhem bepaald. De man (33) soe seksreizen organisearre ha foar pedofilen. Syn arrestaasje yn desimber soarge foar in soad ûnrêst yn it doarp en op de basisskoalle dêr't er wurke.
Nei alle gedachten moat de Fries op 10 maart foarkomme. Ek oaren fan itselde pornonetwurk moatte dan foarkomme.