Pasjinte MCL mishannele

15 jan 2004 - 00:00

In pasjinte yn it MCL yn Ljouwert is woansdei mishannele. De 34-jierrige frou út Ljouwert lei op in sikeseal doe't trije manlju binnenkamen. De âldste fan 44 joech har klappen. Wêrom is net bekend.

De twa oaren, jonges fan 16 en 17 jier bedrigen it personiel en befeiligingsminsken. Dêrnei naaiden se út yn in auto. Oan de hân fan it kenteken waarden se troch de plysje opspoard en koene se oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)