Lytse doarpen: bushaltes fuort?

15 jan 2004 - 00:00

187 Fryske doarpen mei minder as 750 ynwenners ferlieze mooglik har bushalte. Dat betsjut dat sa'n 65.000 minsken in stik fytse moatte om by in bushalte te kommen. Alteast, dat stiet yn de plannen dy't op it stuit yn it provinsjehûs bepraat wurde.

De provinsje moat besunigje op it iepenbier ferfier. 4 febrewaris sil de polityk der by de steatefergadering oer debattearje. De partijen moatte dan oanjaan hokker rjochting se út wolle.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)