Baas Boppe Baas grutte hit

15 jan 2004 - 00:00

De televyzjesearje Baas Boppe Baas fan Omrop Fryslân hat dit seizoen alle sjochsiferrekords brutsen. Sa'n 70 persint fan alle Friezen hat ien of mear ôfleveringen fan de dramasearje mei yn de haadrol Rense Westra sjoen.

Dat betsjut dat Baas Boppe Baas better besjoen waard as televyzjehits as bygelyks Idols of Baantjer. De searje, regissearre troch Steven de Jong, giet takom jier syn fjirde seizoen yn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)