Fiskstreupers oanhâlden

15 jan 2004 - 00:00

Twa fiskstreupers binne yn de nacht nei tongersdei troch it Bestridingsteam Fiskstreuperij oanhâlden op de Sleattemermar. De fiskers wiene dwaande mei it binnenheljen fan in fisknet, doe't se trappearre waarden.

Ien fan de streupers ûntkaam troch yn it wetter te springen. Yn it net waard 170 kilo snoekbears oantroffen. Dat is yn beslach nommen. In kilo snoekbears kostet yn 'e hannel likernôch 9,50 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)