Audysjes foar gitarist Spanner

15 jan 2004 - 00:00

Foar in plakje as gitarist by de rockgroep Spanner ha fyftjin audysjes west. Earder stapten twa gitaristen út de band, om't se it net iens wiene mei de muzikale takomst fan de band.

Gitarist Sander Rozeboom sil him no wer folslein dwaande hâlde mei syn band Is Ook Schitterend. Remko van der Haring wol in nije band begjinne. Sjonger Syb van der Ploeg en drummer Nico Outhuijse wolle op koarte termyn ien of twa ferfangers oanlûke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)