Provinsje set notulen op cd-rom

© Omrop Fryslân
Yn plak fan in boekwurk mei somtiden mear as hûndert siden krije de steateleden no de hannelingen op cd-rom. Yn de hannelingen moat werom te finen wêze wat der yn de steatefergaderingen sein is. Dy 'notulen' steane no op in skyfke.
De hannelings binne no al nei in wike beskikber foar de steateleden. Earder duorre it noch goed seis wiken. Ferskil is ek dat je de emoasje fan de sprekker hearre kinne en dat is begrypliker.