Ravaazje op Ofslútdyk

© Omrop Fryslân
De Ofslútdyk hat yn de rjochting fan Ljouwert tongersdeitemoarn oeren ôfsletten west foar ferkear. Der ûntstie in ravaazje doe't in tankauto mei keunstdong by Den Oever yn de berm bedarre. Dêrtroch kamen der balstiennen út de berm op 'e dyk telâne. Dy soargen by tritich auto's foar lekke bannen en lekke oaljeliedingen.
Der wiene gjin persoanlike ûngemakken. Oan de ein fan de moarn is de dyk wer frijjûn.