ID-banen Maeykehiem steane faai

15 jan 2004 - 00:00

Soarchsintrum Maeykehiem yn Sint Nyk makket him slim soargen oer it ferdwinen fan fjirtjin ID-banen by it sintrum. Troch ryksbesunigings is der minder jild foar ID-banen. Wethâlder Hemmes fan Skarsterlân wol dochs besykje om ek yn de takomst minsken by Maeykehiem oan it wurk te hâlden.

Meikoarten wurdt der in plan foarlein oan de gemeenteried. Mooglik kinne wurkleazen mei behâld fan útkearing by it sintrum oan de slach.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)