Nije klok foar tsjerke Skylge

15 jan 2004 - 00:00

Ien fan de âldste tsjerken yn Fryslân, dy yn Hoorn op Skylge, krijt der in nije klok by. De klok is skonken troch in koartlyn ferstoarne ynwenner fan Rotterdam. Dy wie yn de sechtiger jierren belutsen by de restauraasje fan de tsjerke yn Hoorn.

De klok is makke troch in bedriuw yn Asten en is woansdei nei Skylge brocht. Tongersdei wurdt de klok ophongen. Mei de besteande klok kin der meikoarten twastimmich let wurde yn Hoorn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)