Tsjummearum stipet keap sporthal

15 jan 2004 - 00:00

De ynwenners fan Tsjummearum stypje de plannen fan Doarpsbelang om as doarp de sporthal te keapjen. Dy konklúzje lûkt Doarpsbelang nei't 175 ynwenners har unanym útsprutsen foar de keap by in gearkomste yn de kroech.

De Haachske ûndernimmers Van Booma is sûnt koart eigner fan rekreaasjesintrum Barradeel, dêr't de sporthal ek byheart. It doarp is benaud dat it Van Booma allinnich giet om de rekreaasje- wenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)