Kattesykte ûnder kontrôle

15 jan 2004 - 00:00

De kattesykte is wer ûnder kontrôle. It like ein ferline jier efkes dat der in epidemy fan de besmetlike sykte útbrekke soe yn Drachten, de Gordyk en Beetstersweach. Eigners fan katten waard doe mei klam frege har bist previntyf ynintsje te litten en dat hat holpen.

Tsientallen katten binne yntusken wol deagien oan hege koarts en diarree. Santich prosint hat de sykte net oerlibbe.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)