Flessepost nei 27 jier oanspield

14 jan 2004 - 00:00

Nei 27 jier is flessepost, dy't by Flylân yn see smiten is, oanspield. De doe 17-jierrige Carlo Cymbaluk út Almelo smiet yn 1977 de flesse mei it briefke yn it wetter. Hy fûn dat in romantysk idee.

Annemiek Waanders, oarpspronklik út de buert fan Almelo, fûn de flesse sneon oan de eastkant fan Skylge. De fynst jout har in spesjaal gefoel. Se hat de ôfstjoerder útnoege om yn it hotel dêr't se wurket útfanhûs te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)