Roomsk gebou wer as nij

14 jan 2004 - 00:00

It eardere Roomsk ferieningsgebou yn Frjentsjer is folslein renovearre. It histoaryske Jugendstilpân út 1909 wie slim fertutearzge, mar is foar 2,5 miljoen euro opknapt. By de ferbou is in folslein beskildere plafond foar it ljocht kommen. Dêrtroch stiet it pân no op de ryksmonumintelist.

Yn it gebou oan it Martiniplantsoen sitte no de bibleteek, Talant, de VVV en in ynternet-kafee. Op 5 febrewaris is de offisjele iepening.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)