Weening fytst by de Raboploech

14 jan 2004 - 00:00

Hurdfytser Pieter Weening fan De Harkema mei by de grutte jonges fan de Rabobankploech fytse. Yn Hilversum wie woansdei de presintaasje fan de profploech. Direkteur De Rooij neamt Weening in grut talint dy't in hiel goed seizoen riden hat yn de opliedingsploech.

Weening hopet oer twa jier de Tour de France ride te kinnen. De Fries sit mei ûnder oare Michael Boogerd en Erik Dekker yn it team.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)