Fertochte saak Haule oanhâlden

14 jan 2004 - 00:00

De plysje hat tiisdei in man (27) út Haulerwyk oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan de moard op Fokko Werkman út Haule. De kafeehâlder waard 12 oktober dea fûn yn de wenning achter syn kroech. Hy wie om it libben brocht mei in stik hout.

De frijgezelle fertochte út Haulerwyk soe in skoft yn in keammerke by it kafee wenne hawwe. It hûs fan de fertochte is wiidweidich trochsocht. Hy wurdt woansdei foarlaat oan de offisier fan justysje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)