Nij projekt Hanze Passage

© Omrop Fryslân
Boeren út de âlde Hanze-regio moatte yn de takomst kunde en ûnderfiningen útwikselje. De provinsje Fryslân set dêrfoar it projekt Hanze Passage op. Yn de Hanze Passage sille boeren út Fryslân, Noard-Dútslân, Poalen en de Baltyske Steaten mei inoar om 'e tafel om fan elkoar te learen.
De Europeeske Unie hat miljoenen beskikber steld foar it projekt. Under oare it Van Hall-ynstitút en de praktykskoalle Oentsjerk sille meidwaan.