Skokte reaksjes op sjitynsidint

14 jan 2004 - 00:00

Op skoallen yn Fryslân is skokt reagearre op it sjitynsidint tiisdei op in middelbere skoalle yn Den Haach. In learling hat dêr de ûnderdirekteur deasketten. Oer it ynsidint is in soad praat en guon skoallen hiene de flagge healstok.

Ek op Fryske skoallen wurdt warskôge foar tanimmende agresje by learlingen. De Friese Poort yn Ljouwert sil mei koarten eigen learlingen ynsette om eksessen foar te kommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)