Obe Postma yn it Ingelsk

© Omrop Fryslân
Wurk fan de ferneamde Fryske dichter Obe Postma wurdt oerset yn it Ingelsk. Yn febrewaris ferskynt by de Skotse ynternetútjouwerij Librario in twatalige blomlêzing mei wurk fan Postma (1868-1963).
De oersettingen binne makke troch de Brit Anthony Paul, dy't ferbûn is oan de Universiteit fan Amsterdam. Hy hat gearwurke mei oersetter Jabik Veenbaas. Earder makke dy in blomlêzing mei wurk fan Postma mei Nederlânske fertalingen.