Debat Vrom Rie yn Wetsens

© Omrop Fryslân
Provinsje en gemeenten moatte neitinke oer de fraach hoe't bouwen en wenjen yn bûtengebieten de fitaliteit fan Fryslân fersterke kin. Dat moat om't it kabinet Balkenende mear rûmte jaan wol foar dy bebouwing. De ynfolling dêrfan lit er foar it grut part oer oan lokale oerheden.
Dat seit frou De Jong, plakferfangend foarsitter fan de Vrom Rie. Tiisdeitejûn wie de rie yn Wetsens by Dokkum foar in debat.