Sekretaressediktee yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
It twadde 'Grut Sekretaressediktee' waard tiisdeitejûn hâlden op it Friesland College yn Ljouwert. It diktee bestie út tsien hiele drege sinnen, mei taalkonstruksjes dêr't je goed by neitinke moatte.
Goed 60 kandidaten diene der mei oan it diktee. Under de dielnimmers wiene kursisten fan de MBO-oplieding foar sekretaresse, mar ek politisi, sjoernalisten en topsekretaresses. Winner wie Mariska Velstra.