Handikaptepaad op Murnserklif

13 jan 2004 - 00:00

Op it Murnserklif by Murns is tiisdei begûn mei de oanlis fan in handikaptepaad. Sa kinne rolstoelbrûkers tenei ek strân en Iselmar berikke. Boargemaster De Roos fan Gaasterlân-Sleat joech de oanset.

Der komt ek noch in piknikplak. Oant no ta koene rolstuollen net fierder as restaurant en terras. It is it doel dat meikoarten noch in stikmannich lokaasjes yn Gaasterlân tagonklik makke wurde foar rolstoelbrûkers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)