1600 starters yn 2003

© Omrop Fryslân
It tal starters is ferline jier hast itselde bleaun yn fergeliking mei 2002. De Keamer fan Keaphannel skreau ferline jier 1612 minsken yn dy't in eigen bedriuw begjinne woenen. Yn 2002 wienen dat acht mear.
It Hearrenfean en Smellingerlân en Ljouwert hienen de measte starters. It grutste part fan de minsken dy't in eigen saak begûn die dat yn de sektor saaklike tsjinsten. It twadde plak is foar de sektor fersoargjende tsjinsten.