Mini & Maxi net yn Drachten

13 jan 2004 - 00:00

Mini & Maxi trede tiisdei en woansdei net op yn Drachten. Yn De Lawei soe it duo de foarstelling '30 jaar theater' opfiere. Peter de Jong (Mini) is noch net hersteld fan in operaasje oan in dûbele nekhernia, ôfrûne oktober.

Minsken mei kaarten foar 13 jannewaris kinne 1 febrewaris nei Mini & Maxi. Oaren kinne 2 febrewaris hinne. Kaarten kinne ek bewarre wurde foar takom jier as se wer nei De Lawei komme. Kaarten kinne ek ynlevere wurde foar jild.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)