Radio Rebecca mooglik ferkocht

© Omrop Fryslân
It kommersjele radiostasjon Rebecca fan de Noordelijke Dagblad Combinatie en Boom uitgevers wurdt wierskynlik ferkocht. Beide oandielhâlders ûndersykje dy mooglikheid.
Boom en NDC rjochtsje har benammen op it útjaan fan ynformaasje. Dêrom past in radiostasjon dat mear rjochte is op amusemint net yn de bedriuwsstrategy. De beide oandielhâlders ferwachtsje dat de ferkeap de radiostjoerder ta grutte bloei bringe sil.