Nachtsoarch wreidet út

12 jan 2004 - 00:00

Yn de gemeente Boarnsterhim is no ek nachts thússoarch te krijen. Het Friese Land hat de nachtsoarch opset om't minsken hieltyd langer op harsels wenje. Ljouwert hat al jierren nachtsoarch. Dy is no útwreide nei oare gemeenten.

Dongeradiel, Ferwerderadiel, Dantumadiel en Kollumerlân krigen it ferline jier. Frjentsjerteradiel, Harns, Ljouwerteradiel, Menameradiel en It Bilt krije it per 1 febrewaris.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)