DZ&PC wint measte titels

© Omrop Fryslân
By de Fryske winterkampioenskippen yn Dokkum sleepten dit wykein de swimmers en swimsters fan DZ&PC út Drachten de measte titels yn 'e wacht. Elsa de Groot fan Orka yn Ljouwert skreau trije nûmers op har namme. Sy wûn ûnder oaren de 200 meter rêchslach en de 100 meter flinterslach.
By de manlju wûn Willem-Jan van der Vegte út Drachten de 'keningsnûmers' 100 en 200 meter frije slach.