Blau-Wyt - Die Haghe: 19-18

© Omrop Fryslân
De haadklasse sealkuorballers fan Blau-Wyt fan It Hearrenfean ha sneintemiddei ferrassend mei 19-18 wûn fan Die Haghe út Den Haach. Blau-Wyt stie nei seis wedstriden lêste yn it klassemint, Die Haghe stie twadde.
By skoft wie de stân 11-8 foar Blau-Wyt. Yn de lêste minút fan de spannende wedstriid krige Blau-Wyt in strafworp. Topskoarer Bart Jan Scheenstra wist dêr in puntsje út te slepen, sadat de einstân 19-18 waard.