Tuitert wint EK allround

© Omrop Fryslân
Mark Tuitert is snein yn Thialf foar de earste kear Europeesk kampioen allround reedriden wurden. De 23-jierrige hurdrider út Holten joech op de ôfslutende 10 kilometer syn liedende posysje net mear priis.
Yn de lêste rit tsjin Carl Verheijen bleau it ferskil 16 sekonden yn Verheijens foardiel. Verheijen waard earste op de 10 kilometer, Tuitert fyfde. Verheijen wûn sulver op it EK, Jochem Uytdehaage brûns.