Van der Ley wint Kleefstrarin

11 jan 2004 - 00:00

Jacob van der Ley is snein winner wurden fan de Douwe Kleefstrarin yn Ljouwert. De Ljouwerter wie oerbleaun mei Ritske Flootman fan Menaam, mar dy krige yn de lêste hûnderten meters in swypslach yn in kût.

Van der Ley wûn de 10 Ingelske milen yn 58,42 minút. Hy waard nei 13 sekonden folge troch René van Kaam fan Marrum. Flootman wist noch as tredde te finishen yn 1.01,50. By de froulju wûn Jacintha Fancel mei oermacht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)