Soad besikers by Hynstekeuring

11 jan 2004 - 00:00

Sa'n 8200 minsken kamen sneon ôf op de lêste dei fan de jierlikse Fryske Hynstekeuring yn it FEC yn Ljouwert. En dat wiene der wer in pear hûndert mear as ferline jier. It Frysk Hynstestamboek, dat it evenemint alle jierren organisearret, wie dêr hiel tefreden oer.

Direkteur De Boer fan it Frysk Hynstestamboek hat allinnich in lúkseprobleem om't de keuring sa stadichoan út syn jaske groeit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)