Ierdgaskoarting Noarden ferdwynt

© Omrop Fryslân
Nei tritich jier krije Fryslân, Grinslân en Drinte fan 1 july ôf gjin koarting mear op ierdgas. Dêrtroch ferlieze de oerheden yn de Noardlike provinsjes miljoenen euro's. It foardiel waard brûkt foar publike saken.
De 'Noordenkorting' ferdwynt automatysk fanwege it frijjaan fan de enerzjymerk. Dêrtroch binne der gjin foarskreaune prizen mear mooglik. De koarting wie earder wol mooglik om't der net folle transportkosten wiene.