Twifels CDA oer plan Peijs

© Omrop Fryslân
It CDA yn de provinsjale steaten yn Fryslân hat grutte twifels oer it ferheegjen fan de minimumleeftyd foar brommerriders. Dat seit CDA-steatelid Afra Schouten yn in reaksje op it plan fan minister Peijs fan Ferkear.
Se tinkt dat in soad 16-jierrigen ôfhinklik binne fan in brommer, om't se noch gjin OV-jierkaart ha. Neffens it CDA is it ynfieren fan in rydbewiis foar de brommer better foar de ferkearsfeiligens.