Groenewold wint 1500, Cramer 4de

10 jan 2004 - 00:00

Renate Groenewold wûn sneon de 1500 meter op it EK op Thialf yn 1.57'81". Friesinger en Pechstein waarden twadde en tredde. Wieteke Cramer waard knap fjirde yn 2.00'20". Sy stiet no tredde yn it klassemint.

By de manlju waard Mark Tuitert earste op de 1500 meter yn 1.47,41. Twad waard de Rus Jevgeni Lalenkov en tred Carl Verheijen. Mark Tuitert stiet earste yn it algemien klassemint. Hy waard freed twad op 5000 meter, nei Carl Verheijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)