Ljouwerter hânbaldagen los

10 jan 2004 - 00:00

Freedtejûn binne de Ljouwerter hânbaldagen begûn. It evenemint is begûn mei in toernoai fan fjouwer Europeeske topploegen. Benammen it meidwaan fan it Dútse Vfl Gummersbach sprekt ta de ferbylding. Yn dy ploech sit de sterke Koreaan Kyung-Shin Yoon, de wrâldhânballer fan it jier 2001. De hânbaldagen duorje noch oant sneontejûn tsien oere. Der binne fierder ek hânbalclinics en in jeugdtoernoai.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)