Fear yn 'e broek foar Postma

10 jan 2004 - 00:00

De Fear yn 'e broek fan de Ried fan 'e Fryske Beweging is freedtejûn útrikt oan taalstrider Bertus Postma fan Bitgum. Postma krijt de priis foar syn wurk foar de Fryske wetternammen. De Ried rikt de priis alle jierren út oan in persoan dy't him of har it ôfrûne jier op opfallende wize ynset hat foar de Fryske taal en kultuer.

Troch de ynset fan Postma hawwe hast alle Fryske gemeenten besletten om de wetternammen te ferfryskjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)