Cramer twadde op 500 meter

© Omrop Fryslân
Wieteke Cramer is de EK op Thialf freed begûn mei in treflike 500 meter. Cramer waard twadde yn 39'53". Allinnich Anni Friesinger wie flugger mei 39'28". It tredde plak wie foar Claudia Pechstein yn 40'08"; Barbara de Loor waard fjirde yn 40'21". Renate Groenewold waard sechde yn 40'34" en Gretha Smit 22ste yn 42'69".
By de manlju wûn de Fin Mika Poutala de 500 meter yn 36'09"; Mark Tuitert waard twadde yn 36'18".