'Soarch L'teradiel fersnippere'

09 jan 2004 - 00:00

De gemeente Ljouwerteradiel moat him mear bemuoie mei de âldereinsoarch. Dat fynt de PvdA yn dy gemeente. Yn Ljouwerteradiel binne wol in stik as tsien ynstellingen dy't har mei âldereinsoarch dwaande hâlde.

Neffens de PvdA-fraksje is dat de oarsaak fan de fersnippering yn de soarch. Der is te min koördinaasje en dêr soe de gemeente in stjoerende rol yn spylje moatte. De partij komt ein jannewaris mei in foarstel yn de ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)