Ljouwerter mooglik ek op snein

© Omrop Fryslân
De Noordelijke Dagblad Combinatie, de NDC, beslút noch dizze moanne oft de Ljouwerter Krante in sneinsedysje krijt. De Telegraaf komt mei yngong fan 21 maart mei sa'n edysje. Dy beslissing makket dat de Ljouwerter no earder beslút oer in eigen sneinsedysje.
As dy der komt, kin de nije edysje der noch fan 't maitiid wêze, seit NDC- direkteur De Roos. De redaksje fan de Ljouwerter is entûsjast oer in sneins- edysje, seit adjunkt-direkteur Joustra.